Kofjemoarn yn it Mennohûs op 24 jannewaris 2024

Foar elkenien stiet woansdeitemoarn 24 jannewaris de kofje klear. Dizze moarn binne we fan doel om âlde foto’s sjen te litten. Foto’s fan de tsjerke, fan útstapkes dy’t der makke binne en noch folle mear. 

Wolle jo komme mar sjogge jo it net sitten om de reis te meitsjen nei it Mennohûs, nim kontakt op mei Annie of Joke en we soargje der foar dat ek jo der by wêze kinne. doopsgezindsurhuisterveen@gmail.com

Oant sjen! 

Annie en Joke